Frou út Wolvegea al oardel wike fermist

06 aug 2015 - 14:59

De 66-jierrige Wouterina Roos út Wolvegea wurdt al oardel wike fermist. De frou sette op 27 july ôf fan kemping 't Veentje by De Pol by Willemsoord. Se soe nei hûs ta om de wask te dwaan, mar is nea wer sjoen.

Roos rydt yn in blauwe Fiat Punto, mei kenteken 23-JD-RJ. De plysje hat in opspoaringsberjocht útdien om't de frou medisinen nedich hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)