Frou út Wierum fertocht fan brânstichting yn eigen hûs

18 mrt 2015 - 09:52
  • Wierum

De plysje fertinkt in 45-jierrige frou út Wierum fan brânstifting. Se soe tiisdei brân makke hawwe yn har wenning oan de Ternaarderwei.

In omstanner slagge deryn it fjoer út te meitsjen. De frou is oanhâlden. Der is helpferliening foar har regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)