Frou út Warkum fermist

26 sep 2008 - 17:53
  • Dizze frou wurdt fermist

Carla_Katstra (49) út Warkum wurdt al twa wiken fermist. Se is foar it lêst sjoen op kamping Sudersee yn Warkum. De frou is yn de war en mooglik slim fermeagere. Har soan yn Grins hat by de plysje oanjefte dien fan de fermissing. Hy koe gjin kontakt mear krije mei syn mem.

Frou Katstra is 1.68 meter lang en 60 oant 65 kilo swier. Se ferpleatst har op in silvergrize elektryske fyts. Minsken dy't witte wêr't se is, kinne de plysje belje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)