Frou út Snits fermist

18 des 2002 - 00:00

Yvonne Andrea út Snits wurdt sûnt 12 desimber fermist. De 41-jierrige frou hat de dei derfoar medisinen naam en wie dêrnei net mear oansprekber. De frou is psychysk siik. Se is goed 1.70 meter lang en slank. Se hat in bleek gesicht, blauwe eagen en in min gebit. Se hie in blauwe spikerbroek oan, in giele blûze en blauwe gympen.

De frou is mooglik in gefaar foar harsels en foar oaren. Tsjûgen wurde frege de plysje te beljen: 0900 - 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)