Frou út Munnikebuorren rekket rydbewiis kwyt yn Almelo

01 des 2014 - 14:21
  • Alkoholkontrôle (argyffoto)

In 27-jierrige frou út Munnikebuorren is moandeitemoarn betiid har rydbewiis kwytrekke omdat se mei drank op yn har auto ried. De frou waard kontrolearre op de Henriette Roland Holstleane yn Almelo. Om't de plysje it fermoeden hie dat de frou dronken hie, waard se meinaam nei it buro.

Ut in azemtest die bliken dat se yndie tefolle drank op hie. Har rydbewiis is troch de plysje yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)