Frou út Ljussens ferûngelokke

09 jan 2005 - 12:27

In frou (35) út Ljussens is freed op de dyk tusken Blije en Ferwert om it libben kaam by in auto-ongelok. De frou rekke yn de berm en makke in slach yn de rûnte. Se waard doe rekke troch in auto dy't fan de oare kant kaam. Dêr sieten in echtpear en trije bern yn.

De frou út Ljussens is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr is se ferstoarn. Trije ynsittenden fan de oare auto rekken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)