Frou út Ljouwert fermist

13 sep 2002 - 00:00

De 48-jierrige Hilda Hillie van der Lei út Ljouwert wurdt sûnt 31 july fermist. Se waard foar it lêst sjoen yn Ljouwert. Se soe nei in opfangsintrum yn Punthorst, by Staphorst.

Dêr is de frou noait oankaam. Se is geregeld langere tiid fan hûs. Dêrom hat de famylje har pas in pear wiken lyn as fermist opjûn. De plysje siket minsken dy't wite wêr't de frou no is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)