Frou út Koudum yn earm stutsen

02 okt 2010 - 11:23

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in 22-jierrige frou út Koudum. De frou is freedtejûn troch twa noch ûnbekende mannen yn har earm stutsen. De frou hearde leven yn de tún en seach dat in hege hennepplant út de grûn lutsen wie. Doe't se har hûs wer yn soe waard se fêstpakt troch twa manlju yn donkere klean en fielde se pine yn har earm. De manlju lieten har wer los en naaiden út.

De ferwûnings oan de earm foelen ta, se hoegde net nei in dokter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)