Frou út Koudum bedrige mei mes

12 aug 2010 - 10:50

In 53-jierrige Koudumer is woansdeitenacht by Den Bosch oanhâlden nei't hy syn 52-jierrige freondinne mei in mes bedrige en mishannele hie. Doe't de plysje by de frou út Koudum kaam, wie de man krekt útnaaid.

De frou wist de plysje te fertellen wêr't de man hinne gean wie. Dy skeakele dêrom de kollega's fan Den Bosch yn. Dêr waard de Koudumer op de rûnwei oanhâlden. Hy is nei it plysjeburo yn Ljouwert brocht en sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)