Frou út Jislum fermist

12 nov 2009 - 15:07
  • Ludmila Postma fan Jislum wurdt sûnt sneon mist

Sûnt sneon 7 novimber wurdt de 39-jierrige Ludmila Postma út Jislum fermist. Har famylje en freonen meitsje har grutte soargen. Se stapte sneon op de bus nei Ljouwert en dêrnei is der neat mear fan har heard. Har fyts is fûn by de bushalte by de Stiennendaam by Burdaard.

Frou Postma siet mei har partner en trije bern yn in sjalet yn Jislum, de bern sitte yn Burdaard op skoalle. De plysje hat noch gjin oanwizings en freget it publyk om help yn dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)