Frou út Goes bewusteleas slein

17 apr 2010 - 13:59

In 19-jierrige ynwenster fan Goes is yn 'e nacht fan freed op sneon troch in 20-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean mishannele. Sy rekke dêrby út 'e tiid. De twa hiene foar in hoarekasaak oan de Oude Koemarkt op It Fean spul krigen.

It slachtoffer is troch it ambulânsepersoniel ûndersocht, mar se hoegde net nei it sikehús. Op oanwizings fan tsjûgen koe de plysje de fertochte thús oanhâlde. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)