Frou út Frjentsjer ferliest heger berop yn PGB-saak

06 okt 2015 - 19:21

De Sociale Verzekeringsbank (SVB) hoecht dochs gjin ekstra fergoeding te beteljen oan de frou út Frjentsjer dy't te let betelle waard út it 'persoonsgebonden budget' (PGB) fan in dôve frou dy't se helpt. Dat hat de rjochter yn heger berop besletten.

De frou út Frjentsjer krige te let betelle en spande dêrom in rjochtsaak oan tsjin de SVB. Dy wûn se, mar yn heger berop oardiele de rjochter no dat de frou net yn tsjinst is by de SVB. Dêrom moat se foar problemen mei har salaris net by de SVB wêze, mar by de dôve frou.

Sy wol de dôve frou lykwols net oanklage foar it lean dat se net krigen hat. Dat soe net goed wêze foar de relaasje. En boppedat kin de dôve frou der hielendal neat oan dwaan dat de SVB it salaris net op tiid útbetelle hat, seit de advokaat fan de Frjentsjerter frou, Eric van der Goot.

Dizze útspraak kin grutte gefolgen ha foar oare minsken dy't betelle wurde út PGB-jilden. Sûnt jannewaris binne der al problemen mei de betellings. Trochdat de SVB no gjin ekstra salaris mear betelje hoecht, is der foar har gjin reden mear om it PGB-jild earder út te beteljen, seit Van der Goot.

De frou út Frjentsjer kin noch yn kassaasje gean tsjin de útspraak. Ynhâldlik wurdt de saak dan net op 'e nij besjoen, mar omdat it in hiel juridysk ferhaal is, soe se neffens Van der Goot noch wol in kâns meitsje. Oft se yn kassaasje gean sil, is op dit stuit noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)