Frou út Emmeloard fermist

27 okt 2010 - 12:57

Neeltje van der Meulen (63) út Emmeloard wurdt sûnt snein fermist. De frou is depressyf en de famylje makket him soargen. De frou is al earder ris fuortrûn en is doe yn Fryslân weromfûn.

Se hat in smel postuer en is 1.63 meter, hat koart rossich hier en in bril. Se hie in swarte heallange jas mei in kapusjon oan en allinnich in skoudertas by har. Minsken dy't har sjoen hawwe wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)