Frou út Easterein skept fytsende famkes by Rien

10 nov 2015 - 10:04

In 22-jierrige automobiliste út Easterein hat moandeitejûn twa fytsters fan 15 jier út Rien fan achteren oanriden. It ûngelok barde op de Molmawei by harren wenplak. Beide famkes rekken ferwûne. Ien fan de slachtoffers moast nei it sikehûs, it twadde slachtoffer waard troch meiwurkers fan de ambulânse op it plak fan de oanriding fersoarge.

De automobiliste woe de famkes ynhelje, doe't der in auto fan de oare kant oanriden kaam. De frou koe net op tiid remje en ried de famkes oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)