Frou út Bakkefean ferstoarn

16 jul 2003 - 00:00

In 25-jierrige frou út Bakkefean dy't snein op Skylge swier ferwûne rekke by in fal, is tiisdei yn it sikehûs yn Grins ferstoarn.

De frou makke yn in hotel op West in rare fal yn de badkeamer en rekke ferwûne oan de holle. Se rekke út de tiid. Mei de rêdingsboat is se nei de wâl brocht en doe fia it sikehûs yn Ljouwert úteinlik nei Grins. Nei in harsensblieding is se stoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)