Frou út Appelskea botst tsjin gevel yn Súdlaren

01 aug 2015 - 10:46
  • Plysje

In 75-jierrige frou út Appelskea is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Súdlaren. Se botste tsjin in auto oan doe't se by in wenning achterút in ôfrit ôfried. Se skrok hjir sa bot fan dat se yn plak fan op de rem te traapjen op it gaspedaal trape. Dêrtroch skeat de auto wer foarút en botste se tsjin de foargevel fan in wenning oan. Dêrby rekke se ek nochris twa parkearde auto's. De frou rekke ferwûne oan de holle en is oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)