Frou ûnder ferve yn sikehûs

16 nov 2008 - 15:36

In 35-jierrige automobiliste út Bûtenpost is sneontejûn har rydbewiis kwytrekke en ûnder de ferve yn it sikehûs bedarre. Dêr die bliken dat se tefolle dronken hie.

De frou rekke op de Jeltingaleane yn har wenplak in parkearde auto wêrtroch har eigen auto op de sydkant bedarre. Yn har auto stie in pot mei muorreferve dêr't it deksel fan losskeat. Se is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)