Frou troch glêdens tsjin beam

14 mrt 2013 - 10:33
  • Frou troch glêdens tsjin beam

Op de Balkweg by Donkerbroek is tongersdeitemoarn in automobiliste fan de dyk rekke en op in beam botst. De frou is mei ferwûnings oan de nekke en rêch nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht. It wie op it momint fan it ûngelok glêd troch snie op de dyk. Yn it hiele noarden wie de plysje drok mei tsientallen oanridings as gefolch fan de glêdens. De measte ûngelokken wiene yn Grinslân en Drinte.

Op de A7 tusken Drachten en De Like ter hichte fan Mearum rekken meardere auto's fan de dyk omdat it glêd wie. Ien automobilist rekke dêr ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)