Frou toeterjend troch it Fean

07 des 2007 - 10:53

De plysje hat tongersdei op it Hearrenfean in frou oanhâlden omdat se hieltiten al klaksonearend mei har auto troch in wenwyk ried. Doe't de plysje har oanhâlde die bliken dat se de autoradio sa hurd oanstean hie dat se de klakson sels net iens hearde. Se woe ek net út de auto komme en begûn om har hinne te slaan.

Op it plysjeburo is se beoardiele troch in psychiater. Dêrnei is besletten har op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)