Frou swier mishannele mei glês

17 jun 2007 - 16:47

In ynwenster (19) fan Ljouwert is troch de plysje oanholden foar swiere mishanneling. De frou hie yn de nacht nei snein in ynwenster (18) fan Tsjommearum by in hoarekagelegenheid oan de Stasjonswei mei in glês yn it gesicht stutsen. It slachtoffer hie in djippe ferwûning boppe it linkereach, wêrby't nei alle gedachten ek de eachkas stikken rekke.

Fia ferskate tsjûgen koe de fertochte gau oanholden wurde troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)