Frou swier ferwûne

03 sep 2010 - 19:21
  • Foto: Arjen Overmaat

In 29-jierrige frou út Snits is freed swier ferwûne rekke doe't se mei de auto yn it wetter by de Verlaatsbrêge yn Ljouwert kaam. Se hie de auto dêr parkeard en woe fuortride. Troch noch ûnbekende oarsaak gie de auto net achter- mar foarút en skeat oer de betonnen râne hinne.

In omstanner hat noch besocht har út de auto wei te heljen, mar dat slagge net. Dûkers hawwe de frou derút helle, Yn kritike tastân is se nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)