Frou Suwâld (73) swierferwûne

13 mrt 2012 - 11:11
  • Plysje

In frou fan 73 út Suwâld is moandei slim ferwûne rekke by in ûngelok yn Burgum. De frou ried op har fyts oer de Kwekerstrjitte, doe't se by in fersmelling yn 'e dyk yn botsing kaam mei in achterop kommende auto. Dy waard bestjoerd troch in 81-jierrige ynwenner fan Bûtenpost.

De frou foel en rekke slim ferwûne. Se is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. By de helpferliening waard ûnder oare in traumahelikopter ynset. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)