Frou stoarn nei ynbraak

26 aug 2012 - 12:39
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In 88-jierrige frou út Harns is sneintemoarn betiid ferstoarn flak neidat by har ynbrutsen wie. De frou hie har fia in alarmsysteem melden en dêrop waard de plysje ynskeakele. Yntusken wie der ek al in famyljelid by har kaam en flak dêrnei ferstoar se.

De plysje en in dokter hawwe ûndersyk dien nei wat der bard is en nei de deadsoarsaak. Dêr hat út bliken dien dat de frou in natuerlike dea stoarn is. De ynbraak hat der net mei te krijen. De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)