Frou stelt telefoan en jild

18 jun 2011 - 17:46

In 22-jierrige frou út Ljouwert is freed foar de twadde kear yn twa dagen tiid oanhâlden foar fertsjustering. Op it Rengersplein yn Ljouwert frege de frou fannacht oan in man oft se syn tillefoan even brûke mocht. Mar doe't se de tillefoan yn hannen krige, naaide se út.

Earder dizze wike hie de frou ek al jild stellen fan in man út Menameradiel. De frou sit noch fêst op it plysjeburo fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)