Frou stelt sket by boumerk

06 aug 2012 - 10:18
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In 57-jierrige frou út It Hearrenfean is sneintejûn op 'e died trapearre by it stellen fan in sket. Tsjûgen seagen har rinnen by in boumerk oan 'e Haskerútgong mei in sket op in karre.

Neffens de frou hie har dochter it sket earder op de dei kocht. Om't it sa swier wie, woene se it sket yn dielen ferfiere. De dochter koe it ferhaal fan har mem net befêstigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)