Frou stelt beurzen yn Ljouwert

23 aug 2009 - 16:42

In 21-jierrige ynwenster fan Rotterdam is sneontemiddei op de Nijstêd yn Ljouwert oanholden troch de plysje foar winkeldieverij. In meiwurker hie sjoen dat de frou in tal beurzen stellen hie en spruts har dêrop oan.

Se waard earst agressyf tsjin it personiel en naaide dêrnei út. Op oanwizing fan it personiel waard de frou letter ûnder grutte belangstelling oanholden. Se hat proses-ferbaal krigen op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)