Frou stekt eigen hûs yn brân

13 okt 2014 - 10:22

In 33-jierrige frou út Drachten hat sneintejûn har hûs oan de Koperslagersstrjitte besocht yn de brân te stekken. De frou wie bot yn de war en stuts in gerdyn yn 'e brân. De plysje moast de doar yntraapje om it brantsje út te meitsjen.

Earder al soarge de frou foar in soad oerlêst trochdat se de muzyk fierstente lûd stean hie. De frou is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)