Frou stekt eigen hûs oan

26 des 2006 - 15:20

Yn Ljouwert hat in frou besocht har eigen hûs oan de Hooidollen yn brân te stekken. De frou is oanhâlden troch de plysje.

Omwenjenden rûkten in brânlucht en warskôgen de brânwacht en de plysje. Dy bellen oan by de frou, mar dy die de doar net iepen. De brânwacht bruts de doar iepen en trof in pear pannen oan op de flier, mei ferbrând papier der yn. De frou is nei ûndersyk troch in psychiater opnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)