Frou stalkt helptsjinsten

09 okt 2014 - 08:47

In 56-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oppakt om't se de plysje en de meldkeamer bestookte mei meldings. De frou hie earder op de jûn al twa boetes hân foar lûdsoerlêst. Ek wie har muzykynstallaasje yn beslach naam. Se wie it hjir net mei iens en woe ferhaal helje op it plysjeburo.

De frou drukte oanhâldend op de bel, dy't trochskeakele stie nei de meldkeamer. Meiwurkers fan de plysje gongen mei de frou yn petear, mar dat die gjin fertuten. Se is oppakt en krige har tredde boete fan dy nacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)