Frou smyt stien troch rút

09 feb 2013 - 10:22
  • Boeien

Twa froulju fan 19 jier út Ljouwert binne yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden foar fernieling. By in wenning oan de Gabbemastrjitte yn Snits wie earder dy nacht in stien troch in rút smiten. Nei in petear mei de bewenster waard al gau dúdlik wa't mooglik achter de fernieling sitte koe.

De froulju koene fierderop yn de stêd oanhâlden wurde. Ien fan harren bekende dat se it rút fernield hie. Dy frou is meinaam nei it buro. De oare hie neat te krijen mei de saak. Se is wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)