Frou slim ferwûne op Valeriusstrjitte yn Ljouwert

08 des 2014 - 12:10

By in oanriding yn de Valeriusstrjitte yn Ljouwert is moandeitemoarn in 77-jierrige frou út de stêd slim ferwûne rekke. De plysje meldt dat it slachtoffer yn kritike tastân nei it sikehûs yn Grins brocht is. De frou fytste oer de Valeriusstrjitte en waard by in oerstekplak skept troch in 33-jierrige automobilist út Heiloo.

De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)