Frou slein yn Ljouwerter kafee

30 nov 2008 - 15:39

In Ljouwerter (32) is oanholden op fertinking fan it mishanneljen fan in plakgenoate (20). De man soe de frou slein ha op de dûnsflier yn in kafee op de Nijstêd. De frou wie by it dûnsjen tsjin de man opbotst en dêrop ûntstie rúzje.

De fertochte sloech de frou meardere kearen yn it gesicht en ek de freon fan de frou krige in pear klappen. De plysje koe de man yn it kafee oppakke, mar hy fersette him dêrby bot. It 20-jierige slachtoffer moast nei it MCL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)