Frou slachtoffer strjitrôf

18 jan 2008 - 10:05

In 68-jierrige frou út Ljouwert is tongersdei yn de Amelandstrjitte slachtoffer fan in strjitrôf wurden. De frou rûn yn de Amelandstrjitte doe't har tas troch in fytser ôfpakt waard.

Twa tsjûgen seagen it en ien fan har besocht noch de fertochte in triuw te jaan. Dat slagge lykwols net en de fertochte naaide út rjochting Voorstreek en Hoeksterend. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)