Frou skrast as lid modelbaanklub

15 okt 2003 - 00:00

Annette Beima is skrast as lid fan de Friese Modelbaanklub om't se frou is. It bestjoer fan de klub hat dat tiisdei besletten. Sy wolle dat de klub in manljusklub bliuwt. It bestjoer koe it lidmaatskip fan Beima net keare om't it neffens de statuten net ferbean is foar froulju.

Beima is it libben op de klub soer makke. Se hat oanjefte dien fan smaad en sil nei it antydiskriminaasjeburo. Foarsitter Kamminga is ek ôfgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)