Frou skoft fêst yn lift

13 okt 2009 - 11:01

In skjinmakster fan NivoNoord hat moandeitenacht oerenlang fêstsitten yn in lift fan in bedriuw oan de Oostergowei yn Ljouwert. De lift mei de frou dêryn kaam moandeitejûn om in oere as seis fêst te sitten. Om twa oere nachts kaam de man fan de frou derachter dat se noch net thús wie.

Hy skeakele de plysje yn. De frou koe om in oere as fjouwer út de lift helle wurde. Skjinmakbedriuw Nivo Noord út Ljouwert wol no in registraasjesysteem foar syn persoaniel ynfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)