Frou Sint Nyk foar rjochter foar poging ta deaslach

02 apr 2015 - 13:00
  • Frou Sint-Nyk foar rjochter

In 58-jierrige frou út Sint Nyk moat tongersdei yn Ljouwert foar de rjochter ferskine op fertinking fan poging ta deaslach. De frou soe ferline jier augustus twa 14-jierrige jonges út Sint Nyk mei opsetsin oanriden hawwe. Ien fan de twa rekke swier ferwûne. De oanriding fan de beide jonges wie de ôfrûne simmer it gesprek fan de dei yn it doarp. Minsken wiene bot oandien.

Oanlieding foar de frou om achter de jonges oan te gean soe it narjen fan har hûnen wêze. Der soe al in lang rinnend konflikt wêze tusken de frou en de jonges.

De rjochtsaak moat tongersdei mear dúdlikheid jaan yn dizze saak.


Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak en docht live ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)