Frou Sanduhan noch fermist

11 okt 2006 - 10:22

De plysje is noch hieltyd op syk nei de fermiste frou Sanduhan-de Vries út Wolvegea. De 49-jierrige frou wurdt sûnt freedtemiddei fermist. De plysje is bang dat de frou om it libben kaam is. Woansdei is socht yn de natuergebieten fan it Fryske Gea yn de omjouwing fan Wolvegea.

Ek is socht op It Amelân, omdat de frou dêr geregeld kaam. De plysje siket ek om de swarte widdofyts wêrop de frou fuortgong is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)