Frou rydt wetter yn by pontsje

17 maaie 2001 - 00:00

By in ûngefal yn Grou is woansdeitenacht in 59-jierrige ynwenster fan Drachten om it libben kaam. Tsjin tolven rekke se mei har auto yn it wetter by it pontsje nei de Burd.

It pontsje lei oan de oare kant fan it wetter en de oprit hie gjin slachboom. Dûkers hawwe it slachtoffer út de auto helle. De frou wie doe al ferstoarn. De oarsaak fan it ûngelok is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)