Frou rydt tsjin gevel wenhûs

25 jun 2013 - 11:15

In 76-jierrige automobiliste fan It Hearrenfean is moandeitemiddei net goed wurden achter it stjoer en tsjin de gevel fan in hûs opriden. Dêrfoar ried se in ferkearsboerd omfier, gie se it fytspaad oer en ried dwers troch de boskjes by it hûs op. In fytser en in kuierder koene de auto noch mar krekt ûntwike. It ûngelok gebeurde op de Bolster op It Hearrenfean. De bestjoerster is nei it sikehûs brocht. Har auto is total loss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)