Frou rydt slingerjend op de A7

12 aug 2009 - 10:10

In 26-jierrige automobiliste út Bûtenpost is har rydbewiis kwyt foar ûnfeilich rydgedrach. De frou ried tiisdeitemiddei slingerjend oer de A7 mei in snelheid dy't fariearde fan 30 kilometer de oere oant 120 kilometer de oere.

Doe't de plysje de frou stilhâlde, die bliken dat sy net goed op de fuotten stean koe. Ek makke sy in ferwarde yndruk. Nei in kontrôle yn it sikehûs is de frou nei it plysjeburo brocht. Dêr is in bloedproef ôfnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)