Frou rydt nei brûken GHB

11 apr 2009 - 13:09

In ynwenster (26) fan Ljouwert is op it Europaplein yn har wenplak oanholden foar it riden ûnder ynfloed fan de drug GHB. Tsjûgen seagen dat de frou frjemd ried en bellen de plysje.

Dy joech de Ljouwerter frou in stopteken en omdat de frou har nuver gedroech, waard har auto trochsocht. Dêrby is de GHB-drug oantroffen. De frou krige in proses-ferbaal foar it yn it besit hawwen fan drugs en in rydferbod fan tolve oeren. De drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)