Frou rekket mei auto yn de sleat by Doanjum

21 apr 2015 - 11:08
  • Tusken Tsjummearum en Doanjum bedarre in auto yn de sleat

Yn in bocht tusken Tsjummearum en Doanjum is tiisdeitemoarn in auto yn de sleat bedarre. De bestjoerster koe net út de auto komme. De brânwacht hat de auto út de sleat lutsen en it slachtoffer út de auto helle en oerdroegen oan de minsken fan de ambulânse. Der is ek in trauma-arts mei de helikopter nei it ûngelok gien. De dyk is ôfsletten foar ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)