Frou rekket ferwûne by ûngelok Reduzum

19 feb 2016 - 15:52

By in ûngelok by Reduzum, is freedtemiddei in frou ferwûne rekke. Se woe fan in syddyk ôf de N354 opride, mar seach in buske oer de holle. De bestjoerder fan it buske knalde tsjin de foarkant fan de auto fan de frou. Brânwachtminsken ha it ambulânsepersoniel holpen en de frou út har wein helle.

De frou is nei it sikehûs brocht. Se hie meardere ferwûnings. De auto en it buske binne fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)