Frou rekket ferwûne by botsing by Rinsumageast

22 nov 2015 - 11:44

In frou fan 70 jier út Burdaard rekke sneontemoarn ferwûne by Rinsumageast. Se ried op de Melkemaweg en woe de krusing mei de Eijsingaweg oerstekke. Op dat stuit ried in 72-jierrige bestjoerster út Rinsumageast oer de Eijsingaweg.

By it oerstekken seach se de Burdaarder automobiliste, dy't fan rjochts kaam, oer de holle en botste op dy auto. It slachtoffer is mei ferwûnings oan it boarst nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)