Frou rekket ferwûne by botsing op It Hearrenfean

24 sep 2015 - 11:55

In 50-jierrige frou út Bakhuzen is tongersdei ferwûne rekke by in botsing tusken fjouwer auto's op de K.R. Poststrjitte op It Hearrenfean. De efterste auto botste troch noch ûnbekende oarsaak op syn foarlizzer dy't wer trochskeat. Dêrtroch ûntstie der in domino-effekt.

Alle fjouwer auto's rekken skansearre. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)