Frou rekke troch slachboom

10 jun 2011 - 10:01

In 22-jierrige frou is tongersdei yn Dokkum ferwûne rekke doe't se troch in slachboom fan de brêge yn de Keppelstrjitte fan de motor slein waard. De frou siet achterop de motor. It ferkear stie te wachtsjen om't de ljochten fan de brêge knipperen.

Doe't it wachtsjen op it sakjen fan de bomen him te lang duorre, joech de bestjoerder gas. Krekt op dat momint giene de bomen nei ûnderen. De bestjoerder koe de boom noch ûntwike, mar dat slagge de frou net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)