Frou oppakt nei stellerij út ferskate winkels yn Ljouwert

09 jan 2016 - 11:01
  • Stellerij

In 32-jierrige frou út Ljouwert is freedtemiddei oanhâlden, nei't se by meardere winkels guod stellen hie. Befeiligers fan in winkel oan de Wurdumerdyk kamen har oer it mad. Se hie stellen guod by har út ferskate winkels oan de Wurdumerdyk en it Saailân.

De plysje ûndersiket de saak en sil de dupearre winkels benaderje. De frou hat in proses-ferbaal en in winkelferbod foar it sintrum krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)