Frou oppakt foar ynbraken mei babbeltrúk

08 apr 2016 - 17:42
  • Foardoar op in kier

It team Wenningynbraken fan de plysje ûndersiket oft in 29-jierrige frou út Ljouwert belutsen west hat by ynbraken yn de stêd de ôfrûne tiid. De frou waard woansdei trappearre by in ynbraak. Se kaam de wenning binnen nei in babbeltrúk.

De frou sit yn foararrest. De plysje fertinkt har fan minimaal fiif ynbraken, wêrûnder ien op Achter de Hoven, ôfrûne tiisdei. Der wurdt no ûndersocht oft de frou belutsen west hat by noch mear ynbraken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)