Frou op slach dea by ûngelok

03 jul 2002 - 00:00

By in slim auto-ûngelok is tiisdei by Haskerdiken in frou út Snits om it libben kommen. De 47-jierrige frou wie op slach dea. In oare ynsittende út Snits (22) en de bestjoerder, in Snitser (40), binne swier ferwûne.

De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer. De auto kaam achter de fangrail en ried op in betonnen râne. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)