Frou op Grinzerstrjitwei berôve fan tas

19 nov 2014 - 11:03
  • Plysje uniforms

In 21-jierrige ynwenster fan Ljouwert is tiisdeitejûn berôve op de Grinzerstrjitwei. De frou wie op har fyts ûnderweis doe't se fan achteren benadere waard troch in donkere jonge fan rûn de 16 jier. Hy sei wat tsjin har en sloech fuortendaliks ôf. Hjirop pakte in oare fytser de tas fan de frou fan har pakjedrager. De tas en de beurs fan de frou binne letter weromfûn, mar sûnder ynhâld. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)